top of page

EXTRA INFO

Ekstra ynfo: Teamleden
1.png

DE BEURT

Fan de santjinde iuw ôf groeit de beurt yn Fryslân ta in yntinsyf netwurk foar it iepenbier ferfier. De reizen op lytse sylskippen duorje oerenlang en binne net noflik. De passazjiers moatte stride foar in plak tusken fracht en lytsfee. De beurt is ûnderwurpen oan oerheidsregels. De prizen en it reis-skema stean fêst. Rein of sinne. Njonken de beurt farre d’r ek frachtskippen - bygelyks foar stront, turf of hea - en trekschuiten mei echte sitplakken allinnich foar passazjiers. Yn in lyts doarp as Rottevalle is in trekschuit net rendabel. Fan 1850 ôf kriget de beurt konkurrinsje fan de diligence (postkoets) en de earste spoar- en tramwegen. Mar Rottefalle bliuwt lang ôfhinklik fan de beurt omdat de diken net ferhurde binne en der gjin izeren spoar troch it doarp giet.


Oant 1887 hiene de twa Rottefalster herbergen by de slûs beide in oktroai (fergunning) foar de beurt op Ljouwert. Dus sette twa beurtskippen tongersdeitemoarn in healoere nei elkoar útein. Op nei Ljouwert. Elkoar ynhelje is gjin opsje omdat se har oan it skema hâlde moatte. De reis duorret sân oeren. Freed, as de (fee)merk ôfrûn is, farre de skippen om 12.30 en 13.00 oere wer nei De Rottefalle. Om't de prizen fêst stiene, is der amper konkurrinsje tusken beide tsjinsten. Dat feroaret as de regeljouwing liberaler wurdt en reizigers der hieltyd mear foar kieze om te kuierjen (of te fytsen) yn kombinaasje mei de tram en trein. Yn 1887 beslute de twa herbergen inoar net fierder te bekonkurrearjen en de twa beurttsjinsten gear te foegjen.


Byld: Advertinsje Beurtskip Tsjerk van Dijk yn de Leeuwarder Courant 26 maije 1882

bottom of page