top of page
1801145_744521292259511_1822978412_o.jpg

IN OADE OAN ‘T IZEREN SKÛTSJE

21 septimber oant 1 oktober 2023

Frysk: Welkom
305583593_487389596728203_8860004290820766905_n.jpg

IT IEPENLOFTSPUL

Mei it opfiere fan it bysûndere iepenloftspul IZER wurdt dit jier de 135ste jierdei fan it skûtsje 'De Rot' fierd. It spektakel sil plakfine op it Mulderplein foar De Herberch yn Rottefalle. It tema fan it Iepenloftspul IZER is "feroaring", en it histoarysk toanielstik giet oer de spanning dy't yn in doarp ûntstiet troch fernijings.

Yn 1887 wie de bou fan 'De Rot' in grutte útdaging foar Rottefalle. Dit soe it earste skûtsje wurde dat fan izer makke is, en de mienskip hie der gjin fertrouwen yn. Lykwols, it tsjinoerstelde is bewiisd: 'De Rot' is noch altyd en al 135 jier yn de fart.

It unike Iepenloftspul ûntstiet ûnder lieding fan in profesjoneel artistyk- en produksjeteam, mei amateurs dy't benammen ynwenners fan Rottefalle binne.

Frysk: Tekst

SPYLDATA

Tongersdei
21 septimber
20.00 oere

Freed
22 septimber
20.00 oere

Saterdei
23 septimber
20.00 oere

Moandei
25 septimber
20.00 oere

Reservejûn by min waar

Tongersdei
28 septimber
20.00 oere

Freed
29 septimber
20.00 oere

Saterdei
30 septimber
20.00 oere

Snein
1 oktober
20.00 oere

Reservejûn by min waar

Frysk: CV

IT LÊSTE NIJS

De tariedings foar iepenloftspul IZER binne yn folle gong. Wolle jo gjin fan 'e ûntwikkelingen misse? De nijsside befettet geregeld nije foto's, artikels en updates.

Frysk: Tekst

DE BEURT

Fan de santjinde iuw ôf groeit de beurt yn Fryslân ta in yntinsyf netwurk foar it iepenbier ferfier. De reizen op lytse sylskippen duorje oerenlang en binne net noflik. De passazjiers moatte stride foar in plak tusken fracht en lytsfee. De beurt is ûnderwurpen oan oerheidsregels. De prizen en it reis-skema stean fêst. Rein of sinne. Njonken de beurt farre d’r ek frachtskippen - bygelyks foar stront, turf of hea - en trekschuiten mei echte sitplakken allinnich foar passazjiers. Yn in lyts doarp as Rottevalle is in trekschuit net rendabel. Fan 1850 ôf kriget de beurt konkurrinsje fan de diligence (postkoets) en de earste spoar- en tramwegen. Mar Rottefalle bliuwt lang ôfhinklik fan de beurt omdat de diken net ferhurde binne en der gjin izeren spoar troch it doarp giet.


Oant 1887 hiene de twa Rottefalster herbergen by de slûs beide in oktroai (fergunning) foar de beurt op Ljouwert. Dus sette twa beurtskippen tongersdeitemoarn in healoere nei elkoar útein. Op nei Ljouwert. Elkoar ynhelje is gjin opsje omdat se har oan it skema hâlde moatte. De reis duorret sân oeren. Freed, as de (fee)merk ôfrûn is, farre de skippen om 12.30 en 13.00 oere wer nei De Rottefalle. Om't de prizen fêst stiene, is der amper konkurrinsje tusken beide tsjinsten. Dat feroaret as de regeljouwing liberaler wurdt en reizigers der hieltyd mear foar kieze om te kuierjen (of te fytsen) yn kombinaasje mei de tram en trein. Yn 1887 beslute de twa herbergen inoar net fierder te bekonkurrearjen en de twa beurttsjinsten gear te foegjen.


Foto: Advertinsje Beurtskip Tsjerk van Dijk yn de Leeuwarder Courant 26 maije 1882

toneelstuk info foto advertentie.jpg
Frysk: Over
De Herberg van Smallingerland Rottevalle.jpg


PLUS ARRANGEMENT

Om de autentike ûnderfining fan in moaie jûn yn Rottevalle te foltôgjen, kin in prachtich arrangement besteld wurde. Hjir kinne jo pure gastfrijheid en lekker iten en drinken belibje yn it monumintale Herberg fan Smallingerland. Nei it iten kinne jo sûnder mis genietsje fan in prachtige foarstelling mei reservearre sitten op in hiel bysûndere histoaryske lokaasje.


  • Opfang tusken 17.00 en 17.30 oere yn de monumintale Herberg fan Smallingerland yn Rottevalle

  • In trije-gangen menu mei de bêste yngrediïnten fan lokale leveransiers

  • Ynklusyf feestlik aperityf en ûnder iten en bypassende drankjes

  • Ynklusyf kaartsje foar de foarstelling yn prachtige reservearre sitten

  • Arrangement beweecht tegearre mei elke reservedatum

  • Dieet easken en allergyen kinne oantsjutte by it reservearjen

  • De priis fan dit spesjale arrangement is € 78 all-in

Mei in diner yn it monumintale Herberg fan Smallingerland komme jo sûnder mis yn 'e goede stimming foar dizze unike happening. Wolle jo út iten gean mei famylje, freonen of sakepartners foardat jo nei de foarstelling gean? Bestel dan it plus arrangement.

Fragen oer dit pakket? Nim dan kontakt op mei De Herbergiers. info@herbergvansmallingerland.nl / 0512 342064

Frysk: Tentoonstellingen

De herberch as dekôr

It Iepenloftspul wurdt útfierd op in hiel bysûndere lokaasje midden yn it doarp mei de Herberg fan Smallingerland as dekôr. Ek wurdt it skûtsje “de Rot” út it wetter helle foar in poadiumplak op it Muldersplein.

1801145_744521292259511_1822978412_o.jpg
Frysk: Afbeelding

DE MINSKEN FAN IZER

Frysk: Teamleden
Karin Idzenga.jpg

KARIN IDZENGA

Regisseur

Yn 1998 is Karin Idzenga ôfstudearre oan de Hege skoalle foar de Kunsten yn Arnhem as dosint Teater. Sûnt dy tiid hat se yn Fryslân in protte (iepenloft)foarstellingen regissearre.

Op dit stuit is sy ferbûn oan Het Generatiehuis, dêr 't keunstprojekten útset wurde yn de wiken en doarpen fan de gemeente Ljouwert.

Yn it regissearjen siket Karin nei de ferfining en wurdt der altyd stribbe nei in sa naturel moogliks styl fan spyljen mei faak in tragy- komyske ynslach. Wille en entûsjasme binne de ekstra krêft om de foarstelling ta in prachtich einresultaat te bringen. IZER belooft dan ek in sfearfolle en krêftige foarstelling te wurden!


FRIJWILLIGERS

Wolle jo as frijwilliger meidwaan oan it iepenloftspul IZER? Registrearje dan hjir.
Email ús jo namme en set "frijwilliger" yn de ûnderwerp line.
Jo krije sa gau mooglik in berjocht fan ús.

Frysk: Tentoonstellingen
Frysk: Pro Gallery
Image by Jonathan Borba

CONTACT

Heb je vragen over het openluchtspel, de ontwikkelingen, tickets, of andere zaken? 

Vul je gegevens in en stuur ons een bericht.

KONTAKT

Hawwe jo fragen oer it iepenloftspul, de ûntwikkelingen, kaartsjes of oare saken?

Folje jo gegevens yn en stjoer ús in berjocht.

+31 (0)6 558 641 80

  • Facebook

Bedankt voor je bericht! / Tank foar dyn berjocht!

Frysk: Contact
bottom of page